Van der Schoot nei oerwinning yn Sint-Jabik: "Dit is hielendal lekker"

16 jun 2019 - 21:09

It wie in topdei foar Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra. Yn de heale finale fan it keatsen yn Sint-Jabik fersloegen se it dit seizoen noch ûnfersleine partoer fan Van der Bos en letter pakten se ek de finale. "Hjir dogge je it foar", sei in blide Van der Schoot nei ôfrin.

De finale tsjin Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar wie iensidich. Bergsma en dy pakten noch wol it earste buordsje, mar dêrby bleau it ek. "Ik hie ferwachte dat Marten yn de finale wat mear sjen litte soe", seit Van der Schoot. "Dat die er juster yn Broeksterwâld en hjoed earder ek. Dan hiene we it hiel dreech hân. Mar we hiene him in pear kear goed te pakken mei bepaalde slaggen, en Hans ek. Dêrtroch makken sy in soad flaters."

Sa gie Bergsma yn de finale njoggen kear de mist yn mei syn opslach. "Je slaan ris ien fuort en dêrnei slacht hy de bal foar", seit Van der Schoot. "En in bal foel ien kear krekt op it toutsje. It binne allegear lytse foutsjes dy't ús kant op falle."

Gjin geheim resept

De ferrassing fan de dei wie lykwols net de finale, mar de heale finale. Dêryn wûnen Van der Schoot en syn maten fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Sy hiene de earste seis partijen fan it jier allegear wûn. In geheim resept hat Van der Schoot net. "Je moatte gewoan je eigen ding dwaan. Net in protte fouten meitsje en soargje dat je op seis gelyk de punten pakke."

Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra - Foto: Henk Bootsma

Dat lêste slagge snein aardich foar Van der Schoot. "It foel in pear kear ús kant op. Tjisse sloech 'm in kear bûten en wy sloegen ien boppe op seis gelyk." Ienfâldich wie it lykwols net. "Sy keatsten wol hartstikke sterk tsjin ús. We moasten oan de bak. En it is bêst bysûnder ast tsjin in ûnferslein partoer spilest. Ast 'm dan ek noch pakst, is it hielendal lekker."

Triemstra: "Pear krúsjale punten"

Nei de ferliespartij yn de heale finale wie Teake Triemstra net fan slach. "Bale, mar it falt ta. Ik fûn dat se hiel goed keatsten en wy ek goed keatsten. In pear krúsjale puntsjes yn harren foardiel en dan gean je derfan ôf."

Mei it ferlies kaam in ein oan de hegemony fan it partoer Van der Bos. Ek it rekôr fan sân oerwinnings op rige, dat it partoer foarich jier helle, hellet it partoer net mear. "Dêr hast it wol oer. Foarich jier sân op rige en doe wie it likefolle as it rekôr út de jierren tachtich. We seinen: as wy it no wol oprêde kinne en dan takom wike foar de achtste", seit Triemstra. It slagge net en dêr kin Triemstra mei libje: "It is sa as it is, wy ha ús bêst dien."

It partoer giet foar it earst dit seizoen net mei de earste, mar mei de tredde priis nei hûs. It partoer rekket dêr net fan slach fan: "Wy binne der wer by en dat is moai, we geane moai sa troch en ik hoopje dat we folgjende kear wer de earste pakke. Mar as it in kear net slagget, dan is it net oars. It is gund oan de oaren."

Foto: Henk Bootsma
(advertinsje)
(advertinsje)