Soepboer: "As we net op ús strepen steane, ferlieze we terrein mei it Frysk"

Aant Jelle Soepboer fan de FNP fraksje yn Noardeast Fryslân is fûl: yn de hiele gemeente Waadhoeke moatte de plaknammebuorden der itselde útsjen: de Fryske, Biltske of Frjentsjerter namme boppe-oan en dêrûnder de Hollânske namme. No't de gemeenteried fan de Waadhoeke oars besletten hat, binne der groepearringen dy't nei de rjochter stappe.
Aant-Jelle Soepboer © Peters Foto Nieuws
Soepboer sei dat yn it Nijsfoarum fan it radioprogramma Buro de Vries, dêr't ek Trienke Elshof fan lânbou-organisaasje LTO en Hans van der Werf fan de Fryske Miljeufederaasje yn sieten.
Elshof wie it net mei Soepboer iens: "Wêr makkest dy drok om?" Mar de FNP'er wie dúdlik yn syn miening: "Wy moatte ophâlde mei lakonyk en nonsjalant te dwaan oer it Frysk. Dêrmei ha we oer in pear generaasjes ús taal ferkwânsele. As we dat te lang dogge en net op ús strepen steane, ferlieze we terrein."
It Nijsfoarum oer de plaknammebuorden
F.l.n.r. Aant Jelle Soepboer, Hans van der Werf, Trienke Elshof © Omrop Fryslân
De plaknammebuorden yn Waadhoeke wiene net it iennige ûnderwerp fan diskusje yn it Nijsfoarum. Earst praten de foarumleden oer it pensjoenakkoart dêr't sneon in klap op jûn is troch de FNV-leden. Oer dat ûnderwerp wie wol ienriedigens: goed dat der no in akkoart leit, mar it hie noch wol wat steviger kinnen.
Sa soe der ek in mooglikheid wêze moatte om mei pensjoen te kinnen as jo der 45 tsjinstjierren op sitten ha, fûnen de foarumleden. Dat is no net fêstlein yn it akkoard, hoewol't it wol in opsje is dêr 't noch oer praat wurde sil.

WK fuotbal

Ta beslút joegen de foarumleden har miening oer it WK fuotbal mei de Nederlânske froulju. "Ik ha tasein dat ik my ynhâlde soe, mar ik fyn it dramatysk, sa min", beklage Aant Jelle Soepboer him. De oaren wiene mylder: "It moat wol better yn de folgjende ronde, mar ik sjoch der graach nei", sei Hans van der Werf.