Smûke drokte op Instameet yn nasjonaal park De Alde Feanen

17 jun 2019 - 14:45

It soe wolris de grutste Instameet wêze kinne dy't oant no ta west hat yn ús provinsje; dy fan nasjonaal park De Alde Feanen. Brûkers fan it sosjale medium Instagram wiene útnûge yn Earnewâld foar in smûke, goed organisearre tocht op snein troch it gebiet yn fiif boaten, wêrûnder it Steatejacht Friso.

Doel wie de bekendheid fan it gebiet en de besiten dêroan te fergrutsjen. Dat is nedich, fynt de organisaasje, want de namsbekendheid fan nasjonaal park De Alde Feanen is hiel, hiel leech.

Fotografearje yn De Alde Feanen - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Sa'n hûndert minsken diene snein mei, ûnder wa guon dy't mear as trochsneed ynfloed hawwe op oare minsken mei Instagram; de saneamde 'influencers'. De smartphone-app Instagram wurdt benammen brûkt om foto's en fideo's te dielen.

Soldatekwast yn de greide mei op de achtergrûn dielnimmers oan de Instameet - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

In lytse groep fan sa'n 20 minsken sette sneintemoarn om 7.00 oere al útein mei in kuiertocht, folge troch in fartocht wêrby't in besite brocht waard oan in blomrike greide yn it gebiet.

De dielnimmers kamen oeral wei; Amsterdam, Edam, mar ek gewoan út Fryslân. De middei wie de groep in stik grutter en leinen der fiif boaten foar harren klear; preammen, skûtsjes en it Steatejacht Friso. Op dat lêste skip koene mar twa instagrammers mei.

It grutste part fan de dielnimmers oan de Instameet - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

De tocht wie fergees, mar der waard wol fan de dielnimmers frege oft sy by it pleatsen fan de foto's in hashtag brûkten dy't, at je der op klikke, alle bydragen fan de dielnimmers sjen lit. Ien fan de wichtichste hashtags wie #instameet_aldefeanen, mar der binne mear.

It doel is om sa safolle mooglik minsken te berikken. "Wy hoopje boppe in miljoen 'views' te kommen", seit fotograaf en mei-organisator Hillebrand Breuker fan Warten.

(advertinsje)
(advertinsje)