Partoer Van Zwieten trochbrekt hegemony Van der Bos en wint yn Sint-Jabik

It partoer fan Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra hat it keatsen yn Sint-Jabik wûn: yn de finale fersloegen se it partoer-Bergsma mei 5-1 en 6-4. Foar it earst dit seizoen gie de oerwinning yn in frijeformaasjepartij net nei it partoer fan Gert-Anne van der Bos. Sy hiene de earste seis partijen wûn, mar waarden snein yn de heale finale ferslein troch de úteinlike winners.
Kees van der Schoot
Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar pakten yn de finale in foarsprong fan in buordsje, nei't Van Zwieten de bal bûten sloech op 6-6. It earst dêrnei die Bergsma dat ek en dus wie it wer lyk. Mei in foarsprong fan 6-4 yn it tredde earst krige Van Zwieten de bal werom nei in opslach fan Van der Schoot. De retoerbal fan Van Zwieten gie foarby de keats en dêrmei pakte syn partoer in foarsprong fan 2-1.
Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra © Henk Bootsma
Yn it fjirde earst krige Erwin Zijlstra de bal wer werom nei in opslach fan syn maat Van Zwieten. Zijlstra stie goed en retoernearre de bal ta yn it perk: 3-1. De foarsprong waard allinnich mar grutter, om't Bergsma by 3-1 en 6-4 de bal bûten opsloech. It wie net de finale fan Bergsma, dy't in protte opslachmissers hie.
Doe't Renze Pieter Hiemstra de bal ek nochris kwea sloech op 4-1 en 6-4, wiene Van Zwieten en dy noch mar ien buordsje ferwidere fan de haadpriis. Op 5-1 en 6-4 koe Wassenaar de opslach fan Van Zwieten net retoernearje. Dat betsjutte de oerwinning foar Van Zwieten en dy. Zijlstra waard útroppen ta kening.
© Henk Bootsma
Foar Bergsma en dy binne de druven soer. Sneon stiene se yn Broeksterwâld ek al yn de finale. Doe makken se it Van der Bos en dy dreech, mar koene se krekt net winne. No dus wer ferlies yn in finale.

Ein oan hegemony Van der Bos

Yn de heale finale makken Van Zwieten en dy in ein oan de hegemony fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Dat partoer hie de earste seis partijen fan it jier wûn, mar ferlearen yn Sint-Jabik mei 5-3 en 6-6 fan it partoer fan Van Zwieten.
De úteinlike winners namen in foarsprong fan 3-0 yn dy heale finale. Van der Bos en dy kamen werom en op 3-2 en 6-6 sloech Steenstra op. Dy bal wie achteryn, mar de linerjochters wisten net oft de bal binnen of bûten wie. De skiedsrjochter besleat dat Steenstra opnij opslaan moast. Diskear gie de bal bûten en dus wie it gjin 3-3, mar 4-2 foar Van Zwieten.
Dêrnei waard it noch wol 4-3 nei't in opslach fan Van Zwieten bûten gie op 6-6, mar Van der Bos die in earst letter itselde op 6-4. Op 5-3 en 6-6 lei der in lytse keats doe't Steenstra opsloech. Erwin Zijlstra jage de bal foarby de keats en besoarge Van der Bos en dy dêrmei it earste ferlies fan it seizoen.
Taeke Triemstra
Nei seis partijen is de oerwinningsrige fan Van der Bos en dy dus einige. Se komme dêrmei krekt net oan harren (dielde) rekôr fan ferline jier. Doe wûnen se sân partijen op rige.
Dit wie de yndrukwekkende oerwinningsrige fan Van der Bos en dy dit jier: