Man ferwûne nei't auto op 'e kop slacht by Jistrum

16 jun 2019 - 17:05

In automobilist is snein op de Kooiwei by Jistrum ferwûne rekke, nei't er mei de auto op de kop fleach troch in botsing tsjin in beam.

Foto: Srfotografie

De bestjoerder fan de auto soe de macht oer it stjoer kwytrekke ha. Wat dêr de oarsaak fan is, is net bekend.

De brânwacht hat de man út de auto helle en oerdroegen oan it ambulânsepersoniel. De dyk hat ôfsletten west foar it oare ferkear.

Trefwurden: 
Jistrum ferkearsûngelok
(advertinsje)
(advertinsje)