Partoer Nynke Sijbrandij wint frije formaasje yn Sint-Jabik

16 jun 2019 - 16:47

It partoer fan Nynke Sijbrandij, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra hat snein de haadklassepartij fan Sint-Jabik wûn. Yn de finale wiene se mei 5-1 en 6-4 te sterk foar Anne Monfils, Margriet Bakker en Harmke Siegersma. It is de tredde seizoensoerwinning foar it partoer fan Sijbrandij.

Marrit Zeinstra - Foto: Henk Bootsma

Sijbrandij en dy pakten yn de finale al gau in foarsprong fan skjinne 3. Dêrnei pakte it trio-Monfils ek in buordsje, mar dêr bleau it by. It partoer fan Sijbrandij makke dêrnei gau dien wurk.

Marrit Zeinstra waard útroppen ta keninginne fan de partij.

Foto: Henk Bootsma

Op de earste list hiene Sijbrandij en dy mei 5-2 en skjinne 6 wûn fan Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol. Dêrnei moasten ek Jildou Sweering, Marte Altenburg en Jennie Terpstra deroan leauwe. Dat treffen einige yn 5-3 en 6-4.

Lytse preemje

De lytse preemje yn Sint-Jabik wie wol foar Sweering en dy. Yn de striid om it tredde plak wûnen se mei 5-4 6-2 fan Anna Brecht Bruinsma, Jeska Terpstra en Martzen Deinum.

(advertinsje)
(advertinsje)