SCO ûnderút yn lêste wedstriid fjildkuorbalseizoen

De kuorballers fan SCO ha snein yn de lêste wedstriid fan it fjildseizoen ferlern fan Wageningen. Op sportkompleks De Hoolt-Tuun yn Aldeholtpea wiene de besikers mei 24-19 te sterk yn de Haadklasse A, it op ien nei heechste nivo.
SCO (argyf) © PEEM Media
By it skoft hie Wageningen al in foarsprong te pakken: 12-9. Dy ha de besikers yn de twadde helte dus útwreide.
SCO einiget op it fiifde plak yn de Haadklasse A. Dat is ien plakje leger as Mid-Fryslân. De Redústers spilen sneon har lêste wedstriid al. Tsjin De Meeuwen út Putten waard it op it eigen sportfjild 19-15.

Noardlike bekerfinale

Foar Mid-Fryslân is it seizoen lykwols noch net dien. Takom tiisdei spylje se de noardlike bekerfinale tsjin LDODK.