FIDEO: Hichtepunten en reaksjes fan LDODK - TOP(S)

16 jun 2019 - 15:38

De hichtepunten fan LDODK tsjin TOP(S) yn de heale finale fan it fjildkuorbal. Op De Gordyk wûn LDODK fia 10-11 by it skoft en in 12-17 achterstân yn de twadde helte úteinlik dochs mei 21-19.

FIDEO: LDODK - TOP(S) highlights en reaksjes

Ien kear earder stie LDODK yn 'e finale fan it NK fjildkuorbal. Dat wie yn it seizoen 2016/2017 mei trainer coach Erik Wolsink. Yn Bennekom spile LDODK doe tsjin Blau Wyt Amsterdam. De Amsterdammers wûnen mei 22-12.

Primeur LDODK 2

Foar it earst yn de klupskiednis hat ek LDODK 2 de finale fan it NK helle. Sy spylje freedtejûn 21 juny yn Hurderwyk om it reserve-kampioenskip fan Nederlân tsjin Blau Wyt Amsterdam 2.

André Zwart oer LDODK - TOP(S)

Trefwurden: 
kuorbal LDODK eareklasse TOP(S)
(Advertinsje)
(Advertinsje)