Ridende auto fljocht yn 'e brân yn Wolvegea

In auto is sneintemiddei op de Julianaweg yn Wolvegea ûnder it riden yn 'e brân flein. De brân hat de auto hielendal ferwoaste.
© René Wiegmink / ProNews
De bestjoerder fan de auto seach reek ûnder de motorkape weikommen doe't er ried. Hy sette de auto yn in parkearhaven. In omwenner kaam teplak mei twa poeierblussers en mei-inoar ha se de brân diels útmakke. Letter kaam in oare omwenner noch mei in túnslang.
Doe't de brânwacht teplak wie, ha dy de motorkape iepene en de brân fierder útmakke. De auto wie lykwols al net mear te rêden.