Nyck de Vries crasht yn 24 oeren fan Le Mans

Autokoereur Nyck de Vries hat snein in hurde crash hân yn de 24 oeren fan Le Mans. De koereur út Twellingea stjoerde, mei noch in pear oeren te gean, de auto fan Racing Team Nederland yn de bannesteapel. De Vries rekke net ferwûne.
Nettsjinsteande de hurde klap en flink wat skea oan de auto, koe er de wein op trije tsjillen nei de pitsstrjitte ride. Dêr ha de monteurs in oere oan de auto wurke, wêrnei't De Vries' ploechgenoat Giedo van der Garde fierder koe mei de auto.

Winst foar Alonso en dy

De race yn Frankryk duorre oant snein 15.00 oere. Racing Team Nederland einige as 15e yn de LMP2-klasse. De oerwinning gie nei de Toyota-ploech mei Sébastien Buemi, Kazuki Nakajima en Fernando Alonso.
"Rechtsvoor brak iets af en daardoor ging ik rechtdoor de muur in", seit De Vries oer de crash tsjin RTL GP. "Het ging op dat punt van het circuit best hard. Ik verwachtte dat de klap pijnlijker zou zijn, maar het viel me mee. Geweldig dat de monteurs de auto weer op de baan hebben kunnen krijgen."