Excelsior út Driezum-Wâlterswâld winner SurventoBrass

16 jun 2019 - 13:00

It Excelsior orkest út Driezum-Wâlterswâld is de winner fan de 11de edysje fan it SurventoBrass entertainment festival. Yn de C-groep mei allinnich mar Fryske dielnimmers waard Excelsior, ûnder begelieding fan Gerben Dijkstra, troch de trijekoppige sjuery útroppen ta winner.

Surventobrass by Omrop Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

De solistepriis waard wûn troch it tromboanekwartet fan it Heideblomke fan de Harkema. De jeugd spile dit jier foar it earst ek op sneon op it festival. Dêr wûn Jeugdbrassband Projunior út Gerkeskleaster/Strobos, ûnder lieding fan Dineke Oostra-Kamminga. De solistepriis yn dizze jeugdgroep gie nei Rinsumageast.

Sjuery

De sjuery bestiet út Jacob de Haan, Femke de Walle en Gerben Huizinga. De Haan beoardielet de muzyk, De Walle de entertainment en Huizinga it totale programma.

Yn de B groep waard Brassband Roosendaal de winner, yn de A groep wie dat Brassband Schoonhoven A. Komplete útslaggen binne te finen op de side fan SurventoBrass.

It optreden fan Excelsior

(advertinsje)