Man út Snits oanhâlden nei poging ta ferkrêfting yn Ljouwert
Yn it Westerpark, by de Vrouwenpoortsbrug yn Ljouwert hat sneontemoarn betiid in poging ta ferkrêfting west. In tsjûge seach it om 5.00 oere hinne barren en grypte yn. Hy rekke yn gefjocht mei de dieder. Dy gong der nei it gefjocht fan troch.
De plysje hat efkes letter in man oanhâlden dy't oan it sinjalemint foldie. It giet om in 28-jierrige man út Snits. It slachtoffer is troch ambulânsepersoniel ûndersocht. Se wie net ferwûne.
De omjouwing waard nei it ynsidint fuort ôfsluten. De resjerzje hat ûndersyk dien.