Plysje ferskate kearen yn aksje op Promised Land festival yn Ljouwert

De nacht fan it Promised Land festival op de Griene Stjer is net hielendal rêstich ferrûn. De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in pear kear yn aksje west om ferskate redenen.
Promised Land 2018 © Omrop Fryslân, Mariët Saakstra
Der moast yngrypt wurde by in fjochtpartij. Ien persoan moast ûnder kontrôle hâlden wurde troch de befeiliging. In 25-jierrige ynwenner fan Stiens besocht de befeiliger te skoppen. Hy waard oanhâlden en krige proses-ferbaal fanwegen it fersteuren fan de iepenbiere oarder.
In man fan 27 út Twizelerheide is oanhâlden op it festival omdat hy yn it besit wie fan drugs. Hy waard troch de befeiliging betrape mei 8 wikkels dêr't nei alle gedachten kokaïne yn siet.
In 24-jierrige man út Helmond waard net goed troch it kombinearre brûken fan gniisgas en alkohol. Hy is oan de EHBO oerdroegen.