Frou (91) leveret rydbewiis yn nei oanriding
In 91-jierrige frou út Grou is sneon sa bot skrokken doe't se op in peal ride, dat se út eigen inisjatyf har rydbewiis by de plysje ynlevere hat.
It ûngelok barde op de Stationswei. Doe't de plysje kaam hat de frou gelyk har rydbewiis ôfjûn. Se doart net mear auto te riden.