Berne-iepenloftspul Easterwierrum: Macbeth fan Skotlân State

16 jun 2019 - 14:10

Ambysje, eangst, trou en ferried. It binne tema's út it wrâldferneamde ferhaal Macbeth fan Shakespeare. It berne-iepenloftspul hat dêr harren eigen grouwélige ferzje fan makke. Moard en ôfgeunst; it fynt yn dit stik allegear plak yn de keuken fan in twastjerrerestaurant fan Macbeth fan Skotlân State.

Troch: Johanna Brinkman

It resaturant skynt op in wat nuver plak te stean. Wat him allegear yn de keuken ôfspilet is tragysk en tagelyk kinst net oars as sa no en dan hiel hurd laitsje om hoe't de minske deryn slagget fan it libben sa'n ûnbidige rotsoai te meitsjen.

In grouwélich stik út de 16e iuw liket op it earste each wat stoffich, seker foar bern. Mar Peter Sijbenga hat der neffens regisseurs Sjoerd Blom en Romke Gabe Draaijer in prachtich stik fan makke, wêrby't alles byinoar komt. Net allinnich teäterspul mei dûns en sang, mar in hiele belibbing dêrom hinne al foardat it stik begjint.

Wat dat is? Dêr dogge de regisseurs noch wat mysterieus oer. It publyk kin harren opmeitsje foar in stik mei in boadskip; wês wat leaver foar de natuer én foar inoar.

It ferhaal

Macbeth wurket yn it twastjerrerestaurant 'Skotlân State' ûnder lieding fan de grutte baas, Duncan. It restaurant hat in bêste namme, want nearne oars kinst sokke lekkere burgers krije as dêr. Macbeth is de sjefkok en hat it der goed nei it sin. Mar dan moetet hy trije jiske-ophellers dy't him in bysûndere foarsizzing dogge. It restaurant sil in tredde stjer krije en Macbeth de grutte baas. Hoe wurdt dizze foarsizzing werklikheid? Dêr hoecht Macbeth allinnich mar Duncan foar de fermoardzjen om sa oan de top te kommen. En dat docht er.

It is in gemiene rol. Ik bin in soad moardner en dat fyn ik hiel leuk om te spyljen.

Jelmar de Vries, Macbeth

Jelmar de Vries is 10 jier en spilet foar it earst yn it berne-iepenloftspul. Hy hat gelyk de haadrol te pakken; dy fan Macbeth. "It is in gemiene rol. Ik bin in soad moardner en dat fyn ik hiel leuk om te spyljen." Jelmar fielt him ek echt de baas fan it restaurant, seit er. "Kinst echt yn dy rol komme. Ik tink gewoan earst oan stomme dingen yn myn holle en dan wurdst fansels lilk." Dreech is it foar him dus net om gemien te wêzen.

Macbeth is net bliid as der op in dei in ynspekteur delkomt. De ynspekteur wurdt spile troch Bloeme Del Grosso. Se is op 'e syk nei mikro-organismen: lytse bistjes, yn de keukenkastkes. "En as ik dy sjoch giet de keuken ticht en nea wer iepen." Yntusken rekket se fereale op Macbeth. Ek Bloeme fynt de rol moai om te spyljen. "As ik it ferske Mikro-organismen op ha fiel ik my echt de ynspekteur, en dat fyn ik moai."

Mearstimmich sjonge

Joke Krist is ferantwurdlik dat de bern de ferskes ynstudearre krije. Se is in soad sjongcoach. Joke is tige grutsk op de bern en foaral om't se ek mearstimmich sjonge. "Ik bin hartstikke tefreden. Der wie ien jongen dy't yn in doarpskrantsje sei dat hy earst net sjonge koe en no troch it berne-iepenloftspul maat hâlde kin. Dat fyn ik geweldich, dêr dogge je it foar."

Ien fan de nûmers, Beamke op de jiskebult, is sa'n moai nûmer dat der dit jier in klip fan makke en útbrocht wurdt. De oare nûmers út it stik komme ek op cd.

Griener en leaver

Macbeth is in stik dat nei de tiid fan no helle is, sa seit regisseur Romke Gabe Draaijer. In wichtich tema is it berikken fan de top. Ek bern ha dêr mei te krijen. "Bern wolle ek oan de top komme fan it fuotbalteam en net as lêste útkeazen as bûtensletten wurde." Ek it probleem fan de hjoeddeistige konsumpsjemaatskippij komt nei foaren. Sa ha der bern allegearre skjin plestik sammele en yn sekken dien. Dy lizze neist de keuken en binne in ûnderdiel fan it dekôr. "We brûke in soad plestik en dêr wurdt in soad fuortgoaid. Bern binne har dêr bewust fan", seit Draaijer. It stik set op dy manier fierder ta neitinken; Hoe fier giest om dyn doelen te berikken en wat kinst dwaan om de wrâld griener en leaver te meitsjen?

It is fet om te sjen hoe't bern hjir as in leelje iepen gean en hieltyd frijer wurde.

Romke Gabe Draaijer, regisseur

Regisseur Romke Gabe Draaijer fynt it te gek om it stik mei Sjoerd Blom, it hiele artistike team en de bern te meitsjen. "It is 'vet' om te sjen hoe't bern as in leelje iepen gean en hieltyd frijer wurde. Dat fyn ik echt it 'allervetste' om dy kâns oan 33 bern mei te jaan, foardat se nei de grutte skoalle gean. Dat is super weardefol en it went nea."

Neffens Romke Gabe Draaijer binne de bern de 'nije stjerren fan Fryslân' en ropt hy op om foaral te kommen en it stik te sjen. Want, "It wurdt geweldich!"

Spyldata

  • Tongersdei 20 juny om 20.30 oere (premjêre)
  • Sneon 22 juny om 20.30 oere
  • Snein 23 juny om 15.30 oere
  • Woansdei 26 juny om 15.30 oere
  • Freed 28 juny om 20.30 oere
  • Sneon 29 juny om 20.30 oere

Reservedata: 21, 25 juny om 20.30 oere en 30 juny om 15.30 en 20.30 oere

Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op Omrop Fryslân's spesjale iepenloftspulside. Hjir fynst filmkes, artikelen en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2019.

(advertinsje)
(advertinsje)