EK ôfstannen fan 2022 op It Hearrenfean

De ynternasjonale reedrydfederaasje ISU hat de foarriedige reedrydkalinder bekend makke. Derút docht bliken dat yn it olympyske jier 2022 de Europeeske kampioenskippen op de ôfstannen hâlden wurdt op It Hearrenfean.
It publyk yn Thialf sjocht it iene nei it oare rekôr © Orange Pictures
De wedstriden wurde yn it twadde wykein fan jannewaris yn Thialf hâlden. In moanne letter begjinne de Olympyske Winterspelen yn Sina. Kommende winter wurde de EK ôfstannen ek al yn Thialf riden.