Plysje Harns freget help by identifikaasje deade man

16 jun 2019 - 08:38

Plysje Harns freget help fan boargers om der efter te kommen wa't de deade man is dy't de plysje by in spoarweioergong oer de Ludingawei by Harns oantroffen hat.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Yn de nacht fan freed 14 juny op sneon 15 juny krige de plysje melding fan in oanriding mei in trein. Doe't de plysje oankaam fûnen se it libbenleaze lichem fan de man. Oant no ta wit de plysje net wa't de man is.

De man hie gjin dokuminten by him. De plysje freget no help fan boargers. It giet om in man fan nei alle gedachten tusken 50 en 55 jier âld. Hy is sa'n 1.80 meter lang en waacht sa'n 65 kilo.
Hy hat aardich lang swart/griis hier en op beide earmen in tatoeaazje fan in blom.

De man hie in âlde griene Gazelle frouljusfyts mei in motorkettingslot.

Wa't wit wa't dizze man is of de man earder op freed sjoen hat, kin kontakt opnimme mei de plysje op telefoannûmer 0900-8844.

(Advertinsje)
(Advertinsje)