Reedrider Douwe de Vries keazen ta foarsitter fan atletekommisje ISU

Reedrider Douwe de Vries is keazen ta foarsitter fan de atletekommisje fan it ynternasjonale reedrydbun ISU (International Skating Union). De Vries sit sûnt febrewaris fan 2019 yn dy kommisje.
Douwe de Vries © Orange Pictures
De kommisje bestiet út fiif leden: in keunstrider, in iisdûnser, in syngroanrider, in langebaanrider en in shorttracker. De kommisje is twa jier lyn troch de ISU sels oprjochte, om by oanpassingen fan it belied en oare feroaringen ek de atleten in stim te jaan.
De Vries waard keazen by de earste fergadering fan de nije kommisje yn Rome, dêr't hy yn febrewaris ynkaam.