Thewis Hobma wint ljepperij om Ello Sterenborg Bokaal

15 jun 2019 - 21:55

Thewis Hobma hat de fierljepwedstriid om de Ello Sterenborg Bokaal yn it Grinzer Gryptsjerk wûn. De winnende sprong fan de ljepper út Harns wie in ôfstân fan 20,13 meter. Safier hat Hobma dit seizoen noch net earder ljept.

It twadde plak wie foar Ysbrand Galama (19,83) fan Warkum. Tredde waard Freark Kramer fan It Heidenskip mei in ôfstân fan 19,18 meter. Galama, dy't twa oerwinningen pakte oant no ta, bliuwt klassemintslieder.

Thewis Hobma - Foto: Martin de Jong

PR foar Boukje de Boer

By de froulju gie de winst mei 14,74 meter nei Boukje de Boer fan It Heidenskip. Sy sprong dêrmei in nij persoanlik rekôr. Sigrid Bokma fan Hylpen waard twadde (14,19) by de froulju, Anna-Jet Leyenaar fan Drylts (13,40) wie tredde. Favoryt Marrit van der Wal gie by har rentree yn de earste klasse trije kear it wetter yn.

Nauta bliuwt sûnder nederlaach

Junior Wietse Nauta bleau foar de sânde kear op rige ûnferslein. Hy pakte de deititel mei 17,28 meter, mar melde him ôf foar de finale om't hy by syn tredde sprong blessearre rekke oan de hân.

By de jonges pakte Stefan Douma foar it earst de winst. Yn de finale troeve hy klassemintslieder Rutger Haanstra (16,11 meter) ôf.

Femke Rispens wie mei 14,02 meter de sterkste by de famkes.

Trefwurden: 
Thewis Hobma fierljeppen
(Advertinsje)
(Advertinsje)