Hennie Spijkerman wurdt assistint fan Johnny Jansen by SC Hearrenfean

15 jun 2019 - 21:35

Hennie Spijkerman en Jeffrey Talan sitte takom seizoen neist Johnny Jansen op de bank by SC Hearrenfean. Beiden binne oansteld as assistint-trainer by de Feansters.

Foto: www.orangepictures.nl

Spijkerman wie it ôfrûne jier aktyf by FC Grins as assistint fan trainer Danny Buijs. Earder wie hy assisint fan Frank de Boer by Ajax doe't dy dêr fjouwer kear kampioen fan Nederlân waard.

Talan wie de lêste jierren aktyf as haad jeugdoplieding by de klup. Yn it ferline kaam hy as spiler acht jier lang út foar Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)