Maarten van der Weijden foar ivich te plak yn Burdaard

15 jun 2019 - 20:57

It keunstwurk fan keunstner Hans Jouta, dat de striid en it trochsettingsfermogen fan in kankerpasjint krekt as de stipe fan de neisten útbyldzje moat, is sneontejûn ûntbleate. Dat barde yn de haven fan Burdaard, op it plak dêr't Van der Weijden ferline jier syn Alvestêdeswimtocht stake moast.

It idee foar in keunstwurk komt by fiif Burdaarders wei, nei de swimtocht fan Van der Weijden. Der waard in crowdfundingsaksje op tou set, mar dy koe nei trije dagen stilset wurde, doe't Jouta oanbea om fergees in monumint te meitsjen foar de striid tsjin kanker.

De grutte hannen fan Maarten mei dy fan ús yn it wetter

Hans Jouta, keunstner

Neffens Jouta seit it byld, dat bestiet út ferskate hannen rûnom in swimmend figuer, dat we as mienskip nei de takomst sjen moatte. "De grutte hannen fan Maarten mei dy fan ús yn it wetter", sa seit Jouta. "Mei-inoar nei de takomst!"

Freed 21 juny begjint Van der Weijden mei in nije poging om de Alvestêdetocht te swimmen.

Foto: Gerrit de Boer, Omrop Fryslân

Wêr swimt Maarten van der Weijden op it stuit? Hoe drok is it oan de kant? En wa helpt Maarten om safolle mooglik jild op te heljen foar kankerûndersyk? Dat is fan 21 juny ôf dei en nacht op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app te folgjen.

Boppedat kinne minsken yn ruil foar in donaasje oan de Maarten van der Weijden Foundation in plaat oanfreegje op 92.2FM. Fierder kinne minsken in aksje melde op Omropfryslan.nl/maarten.

(advertinsje)
(advertinsje)