LDODK nei finale fjildkuorbal nei winst op TOP

LDODK hat sneontejûn de finale berikt fan it lânskampioenskip kuorbal op it fjild. De ploech fan trainer Henk Jan Mulder pakte thús op De Gordyk nei in senuweftich begjin de winst yn de heale finale tsjin TOP út Sassenheim. Nei in 10-11 efterstân by it skoft stie der úteinlik in einstân fan 21-19 op it skoareboerd.
Femke Faber mei LDODK nei finale fjildkuorbal
LDODK wie miskien wol de grutte favoryt foar it duel. Dit fjildseizoen hie de ploech 2 kear lyk spile en mar 1 kear ferlern. Fierder waard elke wedstriid yn winst omsetten troch de Gordyksters. Nettsjinsteande dy goede statistiken hie LDODK it dreech tsjin TOP. De ploech út Sassenheim koe goed meikomme en stie by it skoft sels in puntsje foar (10-11).

LDODK moat fan fier komme

Dy foarsprong foar de besikers waard yn de twadde helte sels stadichoan grutter. It ferskil op in bepaald momint wie mar leafst fiif doelpunten (12-17). Under oanfiering fan Femke Faber die LDODK der alles oan om werom te kommen yn it duel. It wie úteinlik Erwin Zwart dy't syn ploech nei in frije bal op 17-17 brocht mei noch sân minuten op de klok.
TOP kaam net mear ûnder de druk út en Diana van der Vorst en Erwin Zwart makken der sels 20-17 fan. Yn de slotfaze kaam TOP noch efkes werom, mar it finaleplak fan LDODK kaam net mear yn gefaar. Topskoarders by LDODK wienen Erwin Zwart (6) en Femke Faber (5).
Mulder mei LDODK nei finale fjildkuorbal

Finale NK yn De Lier (Súd-Hollân)

LDODK spilet sneon 22 juny om 18.00 oere yn de finale tsjin DOS'46 út Nijeveen, dat sneontemiddei yn Papendrecht mei 20-14 wûn fan PKC.
LDODK nei finale fjildkuorbal nei winst op TOP © Omrop Fryslân

Ek Mid-Fryslân wint

Ek Mid-Fryslân pakte de winst. Tsjin De Meeuwen út Putten waard op it eigen sportfjild mei 19-15 wûn. De ploech wie de hiele wedstriid sterker en kaam net yn de problemen. Troch de oerwinning einiget Mid-Fryslân op it fjirde plak yn de haadklasse.