FIDEO: Fryske ielaak set útein op wei nei Londen

15 jun 2019 - 19:54

Swaaiende minsken oan de wâl by Heech sneontemiddei. Want foar it earst nei tachtich jier set wer in aak mei libbene iel ôf rjochting Ingelân. It giet om de Korneliske Ykes II út Heech, in rekonstruksje fan in aak dy't yn de jierren tritich brûkt waard as silend frachtskip. Yn Londen kriget it skip in prominint plakje op it Europeeske Kongres foar duorsume iel. Hûnderten minsken seagen it skip it romme sop kiezen en winsken it in goeie feart.

(advertinsje)
(advertinsje)