Crone: "2018 was absoluut het mooiste jaar van mijn leven"

15 jun 2019 - 19:39

Op 27 juny is de ôfskiedsresepsje, dêr't alle ynwenners fan de gemeente Ljouwert foar útnûge binne. Dêrnei ferhuzet boargemaster Crone werom nei de Rânestêd. Tichter by de bern en by Den Haag, dêr't er regelmjittich hinne moat omdat er no lid is fan de Earste Keamer. De earste boarger fan Ljouwert sjocht mei in goed gefoel werom op syn 12 jier yn Ljouwert.

Foto: Gemeente Ljowuert

De earste kear dat er as boargemaster dúdlik fernaam dat er ferantwurdlik is foar de feiligens, wie yn 2009. Cambuur stie op it punt te promovearjen nei de earedifyzje, stie oant koart foar de ein fan de wedstriid ek noch foar, mar yn blessueretiid makke Roda JC gelyk. Yn de ferlinging waard net skoard en Cambuur ferlear úteinlik troch strafskoppen.

Hûnderten supporters giene de strjitte op en yn de wenwyk om it stadion hinne ûntstie grutte rebûlje. Crone sette de ME yn en liet sels triengas brûke, eat dat noch net earder foarkaam wie. It ynsidint makke yndruk en soarge derfoar dat de oanpak om de wedstriden fan Cambuur hinne, tsjin it ljocht holden waard. "Tegenwoordig hebben we het, in samenspraak met de KNVB en het bestuur van Cambuur, helemaal in de hand", sa seit er yn it ôfskiedsynterview dat er joech yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân.

ME tidens de Cambuurrellen yn 2009 - Foto: Omrop Fryslân

In oar djiptepunt is de grutte brân op de Kelders yn 2013. Crone giet net sa faak op fakânsje, mar doe wie er krekt in wike nei Lissabon. Hy lies op syn hotelkeamer op Teletekst dat der yn it sintrum fan Ljouwert in grutte brân wie.

'Juist dan moet je er staan als burgemeester'

"Mijn vrouw zei meteen dat we terug moesten en dus zaten we de volgende dag in het vliegtuig terug naar huis." De brân wie doe al út, mar der kaam noch wol in soad neisoarch achterwei. "En juist dan moet je er staan als burgemeester. Ik ben blij dat ik van betekenis kon zijn voor de bewoners."

Minsken dy't mei Crone te meitsjen ha, jouwe heech op oer syn lobbykwaliteiten. Neffens Crone sels komt dat trochdat er sa lang yn Den Haag wurke hat. Hy hat de mobile nûmers fan ministers, steatssekretarissen en hege amtners en wit altyd krekt hokker persoan er ha moat. Doe't Ljouwert it gerjochtshôf drige te ferliezen hat er yngrepen. Itselde wie it gefal mei de fleanbasis.

Twee keer geel is rood.

Ferd Crone - ôfskiednimmend boargemaster fan Ljouwert

As him foarlein wurdt dat er sa fûl is op it neilibjen fan de regels, antwurdet er dat er net fynt dat er strang is mar dat er dúdlik en konsekwint is. "Ik zeg altijd: twee keer geel is rood. Ik geef een waarschuwing en bij de tweede keer sluit ik de boel". It giet dan om kafees dy't langer iepen binne as tastien is of alkohol skinke oan minderjierrigen.

Der binne ek hiel wat drugspannen sletten troch de boargemaster. "Maar als er een zoon bezig is met de handel in drugs terwijl er ook een oude zieke moeder in dat huis woont, zorg ik er voor dat er voor haar een oplossing gevonden wordt".

It ôfskiedsynterview mei Ferd Crone is snein 16 juny te hearren tusken 11:00 en 12:00 oere yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân. Hayo Bootsma en Geartsje de Vries prate mei him.

Crone is noch altyd grutsk op de wize werop Ljouwert de titel Kulturele Haadstêd 2018 binnenhelle hat. "Het bidboek hebben we echt van onderop samen gesteld en we zijn consequent gebleven daarin. Bij de pitches liep er maar één iemand in een pak: ik. Iedereen bleef gewoon wie hij is. Er ontstond een soort van magie en dat heeft geresulteerd in het succes".

Yn de jierren tusken 2013 - doe't de titel binnenhelle waard - en 2018 hat er wolris wekker lein. "Maar er was me vantevoren al gezegd dat het zo zou gaan. Dus ik kon het ook wel weer relativeren. Maar dat het zo nu en dan wel spannend was, is duidelijk. Uiteindelijk was 2018 absoluut het mooiste jaar van mijn leven."

De iepening fan Kulturele Haadstêd - Foto: ANP

As er ien kear ôfskied nommen hat fan Ljouwert, giet Crone werom nei it westen. Dochs hat er earder yn it ynterview oanjûn dat er Ljouwert de moaiste stêd fan Nederlân fynt. Dat er dochs werom giet, hat neffens him foaral in praktyske reden. De bern wenje dêr en no't er regelmjittich nei Den Haag moat fanwegen syn lidmaatskip fan de Earste Keamer, is it ek handiger.

Nochris minister wurde?

Oer de mooglikheid om ea nochris minister te wurden - wat foar't er boargemaster waard wolris neamd waard - is er dúdlik: "Dat wordt hem niet. Ik heb veel meer zin om me straks bezig te gaan houden met kleinkinderen als die er mogen komen".

(advertinsje)
(advertinsje)