Zachte Bal PC 2019 wûn troch Iseger, Nijman en Van der Graaf

De Zachte Bal PC yn Frjentsjer is sneon wûn troch Daniël Iseger, Bauke van der Graaf en Karel Nijman. Sy wûnen yn de finale mei 5-4 en 6-2 fan Chris Outhuijse, Gooitzen Scheffer en Nick Leistra.
© ANP
Yn 2017 wiene Iseger, Van der Graaf en Nijman ek al winners fan de Zachte Bal PC. Der stiene sneon 64 partoeren op de list. De Zachte Bal PC waard foar de 8e kear hâlden.