Nije eksposysje mei earbetoan oan Alma Tadema yn Oranjewâld

In grut wandskilderij as earbetoan oan de keunstner Alma Tadema is fan sneon ôf te sjen yn Hotel Tjaarda yn Oranjewâld. It is ûnderdiel fan in nije eksposysje realisme en surrealisme.
Nije eksposysje mei earbetoan oan Alma Tadema
It doek fan 5 by 2 meter is ûnderdiel fan de nije tentoanstelling fan sân byldzjende keunstners út binnen- en bûtenlân. It skilderij sels is makke troch tritich keunstskilders út de hiele wrâld yn it ramt fan LF2018. It past yn in nije eksposysje, dêr't realisme en surrealisme byinoar brocht binne.
Alle wurken binne te sjen op twa plakken: yn hotel Tjaarda en yn Galerie Autrevue fan Hearrenfeansters Gabriëlle Westra en Randolph Algera. It wandskilderij sil feild wurde. Der kin noch in wike lang op bean wurde.