Noard-Dútslân wint nei strafskoppen fan Noard-Nederlân

15 jun 2019 - 18:49

Noard-Dútslân hat de semi-ynterlân mei Noard-Nederlân wûn. Nei njoggentich minuten wie de stân 3-3, wêrnei't strafskoppen de beslissing bringe moasten. Dêryn miste Noard-Nederlân twa penaltys.

Foto: www.orangepictures.nl

It wie foar it earst sûnt 1960 dat der wer in fuotbalwedstriid tusken Noard-Nederlân en Noard-Dútslân op it programma stie. Yn Emmen hie bûnscoach Ron Jans in seleksje by inoar socht fan de bêste amateurfuotballers út it noarden fan ús lân. Dêrby ek spilers fan Harkemase Boys, ONS Snits en Bûtenpost.

Dútsers begjinne fûl

It wiene de Dútsers dy't al nei alve minuten op foarsprong kamen troch in doelpunt fan Marek Janssen. Tsien minuten foar it skoft waard it 0-2 troch Tido Steffens. Dat wie ek de stân by it skoft.

Nei in oere spyljen kaam Noard-Nederlân werom yn de wedstriid troch in goal fan Jermain Wobbes fan Alcides. In pear minuten letter makke Anjo Willems fan VKW de lykmakker. Mei noch in kertier te spyljen kaam it team fan Ron Jans sels 3-2 foar doe't Wobbes syn twadde fan it duel makke.

Troch de lykmakker fan Michael Bünker moasten der strafskoppen naam wurde. Dêr wiene de Dútsers krekt better yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)