Ek frije formaasje Broeksterwâld giet nei Gert-Anne van der Bos-en-dy

15 jun 2019 - 17:31

Ek de sechsde frije formaasjepartij is wûn troch Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Dêrmei ha sy no alle frije formaasjepartijen fan dit jier op har namme skreaun.

Foto: Henk Bootsma

Yn Broeksterwâld wie it trio Van der Bos yn in moaie finale mei 5-4 en 6-2 te sterk foar Marten Bergsma, Rinze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. It seach der even nei út dat Bergsma-en-dy de binnen helje koene, mar se lieten in 4-2 en 6-2 foarsprong lizze. Wichtich wie ek de boppeslach fan Taeke Triemstra op 4-4 en 6-6.

De tredde priis gie nei Jelte Pieter Dijkstra, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden. Gert-Anne van der Bos waard útroppen ta kening yn Broeksterwâld.

Froulju keatse yn Hallum

Ilse Tuinenga, Anouk Tolsma en Martzen Deinum binne sneon de winners wurden fan de haadklasse partij yn Hallum.

(advertinsje)