Oranjefroulju winne ek twadde wedstriid op it WK, troch nei achtste finale

15 jun 2019 - 16:55

De Nederlânske fuotbalsters, mei yn it team Sherida Spitse en Loes Geurts, hawwe ek de twadde wedstriid yn de groepsfaze fan it WK yn Frankryk wûn. Tsjin Kamerûn waard it nei in tige spannend duel 3-1. Dêrmei ha de froulju harren pleatst foar de folgjende ronde op it WK.

Foto: www.orangepictures.nl

De ploech fan bûnscoach Sarina Wiegman spile net in oertsjûgjende wedstriid yn Valenciennes, en hie it lestich mei it fysyk sterke Kamerûn. Dochs kaam Oranje krekt foar it skoft op foarsprong troch in goal fan âld-Hearrenfeanspylster Miedema. Twa minuten letter wie it alwer gelyk troch in doelpunt fan Aboudi Onguéné.

Twadde helte begjint goed

Nederlân begûn de twadde helte goed. Al nei 3 minuten stie de 2-1 op it boerd troch in doelpunt fan Bloodworth. Dêrnei gie it spul op en del en wiene der kânsen foar beide ploegen. Fiif minuten foar tiid wie it wer Miedema dy't de wedstriid besliste.

Nederlân giet no mei 6 punten oan de lieding yn groep E fan it WK. Sneontejûn spilet Kanada noch tsjin Nij-Seelân, oer fiif dagen is Kanada de tsjinstanner fan Nederlân.

Trefwurden: 
Oranjefroulju WK fuotbal
(advertinsje)