Manon Kamminga foar tredde kear Nederlânsk kampioen skeelerjen

15 jun 2019 - 16:31

Manon Kamminga fan Haulerwyk is foar de tredde yn har karjêre Nederlânsk kampioen skeelerjen op de maraton wurden. Yn Staphorst wie se de rapste yn de einsprint fan in lytse kopgroep.

Ek it sulver gie nei Fryslân. Berber Vonk út Appelskea waard twadde, krekt foar Anna van den Bos.

Yn de kopgroep fan alve froulju wiene noch mear Friezinnen fertsjinwurdige. Maya de Jong waard fiifde en Marijke Groenewoud kaam as sechsde oer de streek.

By de manlju wie der gjin Frysk sukses. In kopgroep fan sân man ûntsnapte dêr oan it peloton. Dêrby Ruurd Dijkstra as iennichste Fries, mar hy moast foar de einsprint ôfheakje. De Nederlânske titel gie úteinlik nei Ingmar Berga. Jorrit Bergsma waard fjirtjinde.

Trefwurden: 
Manon Kamminga skeelerjen
(advertinsje)