Kompliminten foar RTV NOF bij Lokale Omroep Awards, mar gjin priis

15 jun 2019 - 16:11

De lokale omrop fan Dantumadiel en Noardeast-Fryslân, RTV NOF, is freedtejûn op it tredde plak einige by de ferkiezingen foar bêste lokale omrop fan it jier. De winst gie nei 1Twente út Enschede.

De winner waard bekend makke yn it gebou fan Beeld en Geluid yn Hilversum. RTV NOF krige in soad kompliminten foar de kunde fan de meiwurkers en harren entûsjasme. Neffens de sjuery is RTV NOF in foarbyld foar oare lokale omroppen yn Nederlân.

Sjueryfoarsitter Timo Kamst seit dêroer: "RTV NOF heeft bijna geen budget, draait volledig op vrijwilligers en als je ziet wat ze dan toch presteren dan is dat heel indrukwekkend, maar ook weer kwetsbaar om alleen op vrijwilligers te leunen. Omdat ze ook vooruit willen en stappen willen maken. Het staat buiten kijf dat ze hier een basis-budget voor nodig hebben en we steunen hun in de lobby hiernaar toe. We zullen ze in de toekomst zeker vaker zien!"

Trefwurden: 
RTV NOF lokale omrop
(advertinsje)
(advertinsje)