Iishockey-ynternasjonal Jord Smit takom seizoen te sjen by UNIS Flyers

15 jun 2019 - 15:36

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha de earste fersterking foar takom seizoen binnen. Ynternasjonal Jord Smit komt oer fan Microz Eaters út Geleen.

Foto: Rob Oostwegel

De 22-jierrige Smit is berne yn Grou en komt no dus werom nei Fryslân. Hy makke yn april syn debút yn it Nederlânsk team. By Geleen spile Smit it ôfrûne seizoen 42 wedstriden. Hy skoarde dêryn 13 goals en joech 14 assists.

Coach Mike Nason fan UNIS Flyers is wiis mei de oanwinst. Neffens him is Smit multi-ynsetber.

(advertinsje)
(advertinsje)