Kriminelen besykje man te berôvjen yn Fletcherhotel yn Ljouwert

15 jun 2019 - 15:16

In gewelddiedige oerfal yn it Fletcherhotel yn Ljouwert freedtejûn. Neffens de plysje soe der om healwei sânen in melding west hawwe fan ynbraak.

Foto: Jaring Rispens

Tsjûgen seagen trije manlju fia de efterkant fan it hotel nei binnen ta gean. Yn it hotel ha se mei geweld in man besocht te berôvjen. De man hat der gjin earnstige ferwûningen oan oerhâlden. De fertochten binne mei in auto dy't klear stie útnaaid.

It kenteken fan de auto is troch de tsjûgen oan de plysje trochjûn. De manlju koene dêrop oanhâlden wurde op de A7 flakby de stêd Grins. De fjouwer fertochten komme ek út Grins en binne tusken de 18 en 20 jier. Se sitte fêst foar ferhoar.

Trefwurden: 
Ljouwert oerfal geweld hotel
(advertinsje)
(advertinsje)