Chantal Schouwstra fan SC Hearrenfean nei VV Alkmaar

De 22-jierrige Chantal Schouwstra fan Wolvegea spilet takom fuotbalseizoen net mear foar de froulju fan SC Hearrenfean. De ferdigener fuotballet nei de simmer foar VV Alkmaar yn de earedifyzje.
© www.orangepictures.nl
Schouwstra seit op de webside fan VV Alkmaar út te sjen nei it nije seizoen by de klub út Noard-Hollân. ''Ik kijk erg uit naar de start van de competitie, ik heb er erg veel zin in. Ik verwacht de ploeg op sleeptouw te kunnen nemen met de kwaliteiten die ik bezit."
Schouwstra begûn har fuotbalkarriêre bij FC Wolvegea, makke har debút yn de earedifyzje bij PEC Zwolle en spile dêrnei trije jier foar SC Hearrenfean. Schouwstra sil yn Alkmaar ek in rol krije as trainer by de jeugd.