In dei nei de brân yn Snits: "De verslagenheid is enorm"

15 jun 2019 - 14:15

De meiwurkers fan de Omrinkringloopwinkel Estafette yn Snits hawwe sneontemoarn by inoar west om nei te praten oer de grutte brân fan freed. De winkel wie krekt ferboud, sneon soe in feestlike weriepening wêze, mar freed gie in grut part fan it pân ferlern.

In grutte skok foar de frijwilligers en oare meiwurkers. Se wiene klear foar in feestlike weriepening sneon mar moasten no de resten fan it gebou oanskôgje. De stimming wie fansels mismoedich. "De verslagenheid is enorm. We proberen de schouders eronder te zetten. Je ziet ook kracht ontstaan bij de mensen, van 'hoe kunnen we verder'", fertelt Jelmar Helmhout, wurdfierder fan Omrin.

Kwetsbere groep

De groep minsken dy't wurket yn de kringloopwinkel bestiet foar in grut part út in groep kwetsbere minsken, dy't no alles kwyt binne. "Daarom hebben we ook meteen de bijeenkomst georganiseerd", seit Helmhout. "Horen hoe het met iedereen is, wat we voor ze kunnen doen. Sommigen willen wel op een andere locatie aan het werk, de ander wil graag in Sneek weer werken een de opbouw. Er zijn veel verschillende emoties."

Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

Sneontemoarn kamen ek meiwurkers fan gemeente Súdwest-Fryslân en boargemaster Jannewietske de Vries by de meiwurkers fan Omrin del. "We hebben wat mensen kunnen spreken. Het was hartverwarmend", seit Helmhout.

It gebou is gjin eigendom fan Omrin, mar waard hierd troch de organisaasje. Hoe't de brân krekt ûntstean koe is noch net bekend. De plysje en brânwacht dogge dêr offisjeel ûndersyk nei.

De dei nei de brân yn Snits

(Advertinsje)
(Advertinsje)