Spesjale fabryk yn Harns makket betonblokken foar fernijing Ofslútdyk

It is sneon de dei fan de bou. Dat betsjut dat in soad boubedriuwen de doarren iepen sette foar publyk. Ien bedriuw is noch net produktyf, mar al wol klear om útein te setten en wol dat ek graach sjen litte. Dat is it betonfabryk yn Harns. Dêr moatte de kommende jierren in soad betonblokken fabrisearre wurde foar de fernijing fan de Ofslútdyk.
Spesjale betonblokkenfabryk yn Harns foar fenijiing Ofslútdyk
Yn de loads op de yndustryhaven yn Harns lizze allegearre rails dêr't aansten karkes mei betonblokken op nei bûten riden wurde moatte, nei de skippen dy't de blokken nei de dyk bringe sille. Der binne sa'n 75.000 fan dizze saneamde XblocPlus, betonblokken, nedich foar de Ofslútdyk. De blokken weagje sa'n 6500 kilo it stik.
Frank van der Geijn, fan Levvel, de bou-kombinaasje dy't de fernijing fan de Ofslútdyk fersoargje sil, wol de fabryk graach oan de minsken sjen litte. "We willen de mensen laten zien dat we een fantastische nieuwe fabriek neerzetten. De fabriek moet over een maand of twee gaan draaien. Dat betekent dat er toch al heel wat te zien is."

Bysûndere fabryk

It is de earste fabryk dy't dit soarte fan blokken makket yn Nederlân en oer de wrâld binne mar trije lyksoartige fabriken. Hoewol't it in grutte fabrykshal is, komme der net in soad minsken oan it wurk. "Er zijn maar twee mensen in het productieproces echt aan het werk aan het product. De rest is geautomatiseerd", leit Van der Geijn út.
As it wurk derop sit, moat de fabryk eins wer ôfbrutsen wurde. Mar Van der Geijn wol it fabryk wol graach yn Harns hâlde.

Duorsumens

It is ek in duorsum produksjeproses. Joost van der Beek fan Rykswettersteat leit út dat by de produksje de CO2 útstjit sa'n 56 persint leger is as by lyksoartige blokken. "Dat komt door het slimme ontwerp en het productieproces. Maar ook staat de fabriek hier, waardoor we relatief korte vervoersafstanden hebben. Dat zorgt voor een stuk minder CO2 uitstoot."
De produksje fan de stiennen sil yn augustus úteinsette, oant en mei de maitiid fan 2022.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Gerrit de Boer wie by it betonfabryk yn Harns