Azc skoalle Balk op 'e nij iepene

15 jun 2019 - 12:52

De azc skoalle yn Balk is wer iepen. De skoalle hat in jier ticht west, nei't it asylsikerssintrum yn it doarp ticht gie. No't is sintrum wer iepen is, moast ek de skoalle wer los. En dat betsjutte in soad ekstra wurk foar de ûnderwiiskoepel Nij Gaast. Der moast romte fûn wurde foar twa klasselokalen, materiaal sammele wurde en personiel oannaam wurde. Dizze wike kamen de earste flechtlingebern op skoalle.

It giet yn earste ynstânsje om sa'n 20 bern, mar der komme elke wike nije bern by. De ferwachting is dan ek dat de twa klasselokalen dy't der no binne, nei de simmerfakânsje net grut genôch mear binne. Dan sille der noch twa lokalen by komme moatte en mooglik set ek de groei dêrnei noch troch.

De foarige kear kamen de bern benammen út Syrië wei, mar no komme se út folle mear ferskillende lannen. Sa binne der bern út Afrika, mar ek bern út eardere lannen fan de Sovjet-Uny. Neffens juf Esther Koopmens, dy't ien fan de beide groepen ûnder har hat, is dat in foardiel. "De foarige kear prate sa'n 80 persint fan de bern Arabysk en de bern dy't dat net sprutsen foelen der wat bûten. No prate se allegearre ferskillende talen en is de iennige taal dy't se tegearre ha it Nederlânsk. Dus brûke se dat ek flugger."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Doe't de skoalle foar it earst yn Balk kaam wie der in soad rebûlje. Net elkenien wie bliid mei dat de flechtlingebern op deselde skoalle kamen as de Balkster bern. En ek wist it skoalbestjoer doe net hoe't se it ûnderwiis krekt ynrjochtsje moasten. No ha se folle mear ûnderfining en dat makket it neffens skoalbestjoerder Rika Tulner in stik makliker.

"We wisten no bygelyks dat we ek gelyk in ûnderwiisassistint oannimme moasten. De bern ha in soad yndividuele begelieding en toetsing nedich en dat kin net sûnder dy ekstra pear hannen. Ek wisten we dat we net mear mei ien groep begjinne moasten, mar dat twa groepen better is. Se komme dochs wol fol."

Azc skoalle is wer iepene

(Advertinsje)
(Advertinsje)