Kielstra mei Fryske delegaasje op hannelsmisje nei Sina

15 jun 2019 - 10:42

In Fryske delegaasje mei fertsjintwurdigers út it bedriuwslibben en de semy-oerheid stappe sneon op it fleantúch op hannelsmisje nei Sina. It giet om yn totaal sa'n fyftjin bedriuwen. Se sille nei de provinsjes Sichuan en Heilongjiang. Fryslân hat mei dy twa provinsjes al langere tiid freonskiplike en ekonomyske bannen. De delegaasje wurdt laat troch deputearre Klaas Kielstra.

Foto: Omrop Fryslân

De reis is in ûnderdiel fan in strategy fan meardere jierren, dy't provinsje Fryslân dit jier úteinset hat. De provinsje wol Fryslân in Sina better posisjonearje en ek it dwaan fan saken makliker meitsje foar Fryske bedriuwen en bygelyks skoallen. Kielstra hat er nocht oan. It is syn lêste hannelsreis as deputearre. Al seis kear reizge hy nei Sina ôf, dus hy hat al ûnderfining mei it lân.

Lange azem

"Saken dwaan yn Sina is ea foar de lange azem. Je moatte der bekend wêze, je moatte freonen wurde en dat betsjut dat je in soad tiid ynvestearje moatte yn dy relaasje. It is in lange wei, mar dat past wol wat by de Sinese kultuer. Wy ha ek al aardich wat berikt, lykas oerienkomsten sletten, der binne hieltyd mear Sineeske studinten yn Ljouwert, mar ek bedriuwen yn de agro-business dy't al kontrakten sluten ha en no saken dogge."

It is in grut ferskaat oan bedriuwen dat mei sil. Sa sil it koekjefabryk út Hallum, Hellema, mei en ek sil Kris Callens fan it Fries Museum mei. It museum hie al in skoft in útnûging fan Sina útstean, seit Kielstra.

Tefreden

Kielstra is al hiel tefreden, mar hy fynt it moai as der echt kontakten lein binne. "Ik sjoch in grutte takomst foar de relaasjes tusken Fryslân en Sina." Ek is Kielstra nijsgjirrich nei de 'zijderoute', de spoarline tusken Sina en Europa dy't Sina oan it ûntwikkeljen is. "We wolle ek graach dat dy spoarline ek takken yn Noard-Nederlân kriget."

De besite oan Sina duorret oant 23 juny.

Klaas Kielstra oer de hannelsmisje

(advertinsje)