Iepenloftspul Dronryp: Turks Fruit

15 jun 2019 - 09:54

"Ooh! Do sitst gewoan nei myn kont te sjen!" ropt Olga ferheard út."Ja, do hast ek sa'n moaie kont", antwurdet Erik. Olga is foar it earst by de jonge keunstner Erik thús, en se bliuwt der fuort 3 wiken. Oant har heit en mem weromkomme fan fakânsje. Se binne smoar op inoar. De fonken spatte der ôf, yn dizze frijsêne fan Christina de Boer en Jitze Grijpstra. As taskôger krigest it der suver sels waarm fan.

Troch: Arjanne Nijp

Troch it stik, skreaun troch Dick Jansen op basis fan it boek en de film, kaam regisseur Theo Smedes op 'e nij yn de kunde mei it ferhaal. "Doe kaam ik der achter dat it folle fierder en djipper giet as it grouwe, it byldzjende dat Jan Wolkers skreaun hat. It is eins ien fan de moaiste leafdesferhalen. It giet oer twa minsken dy't sa yntins fereale binne op elkoar en dy't ek wer út elkoar dreaun wurde. En oer de dea, it kwytreitsjen fan in leafde."

Taboe

Jan Wolkers skreau it 50 jier lyn al, mar it is neffens Theo noch hieltyd aktueel. "Ik lit it bewust yn de jierren 70 spylje, mar ast it no sjochst komst der achter dat der eins hielendal net safolle feroare is. We binne eins wol op 'e nij klear foar in nije seksuele revolúsje. It is noch hieltyd in taboe trochbrekkende ferhaal."

De roman fan Jan Wolkers ferskynde yn 1969 en makke in soad los. Sels op it hichtepunt fan de seksuele revolúsje, wurdt yn dit boek wol hiel frij oer seks en oare minsklike yntimiteit skreaun. "Porno, ferkocht as literatuer" neamden guon it. Dochs lêze in protte minsken it boek, en ek hjoed-de-dei noch stiet it by in protte middelbere skoallelearlingen op de lêslist.

Yn 1973 kaam de film Turks Fruit út, makke troch Paul Verhoeven mei Rutger Hauer en Monique van de Ven yn de haadrol. Mei goed 3,3 miljoen besikers is it noch hieltyd de meast suksesfolle Nederlânske bioskoopfilm ea.

Turks Fruit giet oer de djippe leafde tusken de jonge keunstner Erik, en de hiel beskerme grutbrochte Olga. Nei't se út elkoar geane, fine se beiden nea wer de echte leafde. As Olga jierren letter in harsentumor kriget en slim siik is, giet Erik alle dagen by har op besite yn it sikehûs. Hy nimt Turks fruit foar har mei, om't se gjin hurde dingen mear ite wol.

De haadpersoan Olga soe basearre wêze op trije froulju dêr't Wolkers in relaasje mei hie. Ien fan harren soe Annemarie Nauta wêze, sy waard berne yn Ljouwert.

Dit ferhaal kinst net mei de earste de bêste dwaan.

Theo Smedes, regisseur

Fansels is it hiel spannend om sa'n bekend en suksesfol ferhaal te bringen mei in amateurselskip, bekent Theo. Mar mei om't hy Christina en Jitze al koe doarde hy it oan. "Sa'n ferhaal kinst net dwaan mei de earste de bêste, do moatst twa spilers foar eagen ha dy't dit drage kinne. Der moat echt gemy wêze, se moatte sjonge en spylje kinne, en genôch lef hawwe om dit te dwaan."

Christina wie út de skroeven doe't se frege waard foar de rol. "Ik doch op skoalle al 10 jier in literatuerprojekt oer Turks Fruit, en ik fyn it sa'n moai ferhaal, ik tocht: dy rol wol ik, dat wol ik spylje." Jitze koe dit ferhaal eins allinnich fan de ikoanyske sênes út de film. "Ik tocht: oké... dat wurdt wol even in útdaginkje. Dit is wol even wat oars as oars."

Under de hûd

De bylden fan de film hat er hiel gau loslitten, fertelt Jitze. "It giet om de essinsje, dy besykje we yn ússels te finen." En dat slagget se goed. "It giet je ek wol ûnder de hûd sitten" seit Christina. "It is soms hiel fertrietlik en ek is it spannend om út de klean te gean en alle leafde dy'tst yn dy hast op in oar te projektearjen." "Hearlik" follet Jitze oan. Foar Christina fielt it sa no en dan as in 'generale repetysje foar de dea'. "Datst kanker krigest, dat dyn leafde dy gûlend oansjocht en dat ik sels hast net mear sjonge kin, sa fertrietlik bin ik dan. Dat hakt der wol yn. Mar dat is ek wat it sa moai makket."

Mei harren reade hier en wylde blonde krollen lykje Christina en Jitze wol wat op Olga en Erik. En inerlik hawwe se ek wol reitsflakken. Christina: "Dy oerjefte, dat folslein earne foar gean, dat ha ik ek wol. En de eangst om dea te gean. Mar net sa slim as Olga. En do likest ek echt wol op Erik, yn dyn dwaan en litten, en dyn frije tinken."

Ik bin gjin keunstner, ik wurkje yn in slachterij, dat is 180 graden oars.

Jitze Grijpstra, haadrolspiler Erik

Jitze hat dêr nea sa by stilstien. "Ik bin gjin keunstner mei in akademyske graad. Ik wurkje yn in slachterij, dat is 180 graden oars." Mar dy grutte, djippe leafde werkent er wol. "En it ferlies ek. Dat fyn ik ferskriklik, dat wol ik nea wer. Ik wol ek nea wer in relaasje. Mar dat kin ik hjir allegearre moai yn brûke." Christina: "Do seist ek wolris: hjir kin ik alles yn kwyt sûnder dat ik it ferlies, want ik ha it net. Mar ja. It is der wol sa no en dan. Dan fielst it echt."

'Preuts'

Troch it stik kamen se der efter dat minsken tsjintwurdich 'preutser' binne as ea, folle mear as yn de jierren 70. "De fraach dy't elkenien stelt as se hearre dat we yn Turks fruit spylje is: moatst dan ek bleat? Ja, dat moatte we wol ja. Mar deagean is slimmer as út de klean moatte," fynt Christina.

Al wie dy earste repetysje dat de ûnderbroek echt út moast dochs best spannend. No lûke se de klean út en sjocht net ien mear op of om. Dy bleatsênes binne 'onvermijdelijk' fynt regisseur Theo. "It heart sa by Jan Wolkers. Dat byldzjende, it ferhaal fertelle oan de hân fan it suvere dat de leafde is, dy tadienens. Dus ik tink dat de minsken dy't hjir komme wol in echte ferzje fan Turks Fruit meimeitsje."

En dêryn kin de heit fan Olga, dy't yn 'e noas peuteret en de snotsjes ûnder de stoel plakt fansels net yn ûntbrekke. Jaap Jan Hemmes sjongt it "tietenkont" mei fjoer en faasje, yn in lederhosen dy't folslein haakt is troch ien fan de froulju fan de naaiploech.

Ek de oare spilers sjogge der hielendal 'seventies' út, en Olga yn har krekt wat te koarte jurkjes mei djip dekolletee al lyk sa. Dy kostúms komme grif moai út yn it fierder frij sobere dekôr, dat bestiet út stielen sylhûetten fan in rychje huzen oan in stedsgrêft. De doeken dy't der yn spand binne kinne mei ljocht derefter allegearre yllúzjes opwekje.

"As it publyk nei ôfrin hjirwei giet of thúskomt, dan hoopje ik dat se harren partner even oankrûpe of beetpakke en tinke: wat fijn dat we inoar noch hawwe", seit Theo Smedes. "Je moatte de leafde fiere, want kinst is sa wer kwytreitsje", follet Christina de Boer oan. "In bytsje mear leafde yn de wrâld, dat kinne we wol brûke."

Spyldata

Freed 21 juny (premjêre)

Sneon 22 juny

Woansdei 26 juny

Freed 28 juny

Sneon 29 juny

Freed 5 july

Sneon 6 july

Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op Omrop Fryslân's spesjale iepenloftspulside. Hjir fynst filmkes, artikelen en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2019.

(advertinsje)
(advertinsje)