Grutte útdaging foar brânwacht om korpsen op sterkte te hâlden

15 jun 2019 - 09:36

De feilichheidsregio stiet de kommende jierren foar in grutte útdaging om de brânwacht-korpsen, benammen oerdeis, op sterkte te hâlden. De kommende jierren sille in soad krêften mei ûnderfining by de brânwacht fuortgean fanwegen de âldens en foar de jongerein is it frijwilligerswurk by de brânwacht in hiele opjefte. It kostet in soad tiid en de oplieding is dreech en lang.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Boargemaster Marga Waanders kaam dizze problemen ek tsjin op har besiken by de kazernen, dy't sy makke yn it ramt fan har ynwurkprogramma as nije boargemaster. Waanders seit dat it net allinnich in soarch is fan feilichheidsregio Fryslân, mar dat alle feilichheidsregio's der mei dwaande binne, hoe't se yn de takomst in goede parate blusgroep hâlde kinne.

Dekkingsplan 2.0

De feilichheidsregio's hawwe al ferskate feroaringen trochfierd, mei it each op de takomst. "Wy ha it dekkingsplan 2.0. Dat is in feroaring fan ynset dy't ferline jier úteinset is. Dat hat al in soad brocht. It betsjut dat as der brân is, je net ôfhinklik binne fan de earste kazerne ticht yn de buert, mar dat kazernen dy't wat fierder fuort binne ek helpe kinne. Dat skeelt al in soad", leit Waanders út.

De minsken dy't fanwegen harren âldens de brânwacht aansten ferlitte sille, moatte ferfongen wurde. Dan is nije ynstream bot nedich. "Wervingsaksjes helpe", seit Waanders. "Mar, yn it ramt fan maatskiplik ferantwurde ûndernimme, dat we miskein ek noch in berop dwaan op ûndernimmers om te stypje. Dat wurkjouwers minsken dy't graach wolle ek motivearje. It soe moai wêze, as sy romte jaan wolle."

Paraatheid mjitte

In oar probleem is dat de minsken net altyd yn de buert wurkje fan de kazerne dêr't sy lid binne fan in blusgroep. Neffens Waanders kin de paraatheid goed mjitten wurde, sadat se sjen kinne hokker mominten de paraatheid kwetsber is. "Dan kinne je neitinke oer it ynsette fan in beropskrêft."

Oft der yn de takomst mear jild beskikber komt foar de brânwacht leit ek wer oan de útspraak fan it Europeeske Hôf dy't meikoarten komt, oer de status fan de brânwachtmeiwurker.

Boargemaster Waanders oer de besetting fan de brânwacht

(advertinsje)