Kollum: "It NK scootmobyl"

15 jun 2019 - 08:20

"De Formule 1 komt wer nei Nederlân, jimme sille dit nijs grif hjir of dêr heard ha. Der binne in soad minsken dy't dêr in aardichheid oan ha. Der wie striid tusken de sirkwy's fan Zandvoort en dat fan Assen, mar al gau die bliken dat der oan de Zandvoorter toukes minsken mei folle mear ynfloed lutsen, dus waard der keazen foar de minst goede opsje.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Assen wie der suver al hast klear foar, mar jild hat it yn dizze wrâld no ienris foar it sizzen, dus binne de boliden fan Ferrari, Mercedes, Mc Laren, Renault en wit ik wat mear ynkoarten yn de dunen te bewûnderjen, mochten jo dêr nocht oan ha.

Wol tafallich dat der twa tsjinstridige berjochten oer dizze sport yn de kranten ferskynden. Ik neam it mar sport, want de lêste kear dat ik sei dat de F1 frijwat CO2 de loft yn jaget, krige ik in bak haatmail oer my hinne. Sels yn de provinsje dêr't de minsken it lokkichst binne, stiet krityk ha, garânsje foar net echt nuansearre reaksjes.

Hawar, twa berjochten oer de F1. It earste wie dat de sport it reedriden en hurdfytsen foarby is as it om populariteit giet. Dat sil der grif mei te krijen ha dat der immen fan Duitschen bloed meidocht. As Max de Red Bull yn de grindbak jaget, zapt de helte fan de sjoggers nei wat oars. Sa wurket dat. Der hat amper in minske mear oer de Giro d'Italia praten neidat Tom Dumoulin blessearre nei hûs moast.

It twadde berjocht oer de F1 wie dat nei de sjogger ek de sponsors de sport de rêch ta keare. Dat stiet dus heaksk op it earste berjocht, wylst it út deselde krante komt. De jilden binne yn fiif jier tiid mei 18% nei ûnderen gien, dat is nochal wat. Yn de jildhonger wurde de eardere ferflokte tabaksprodusinten al wer slûchslim benadere. Drugsbaron Pablo Escobar slagge der begjin jierren 80 mei hiel fout jild sels yn in Colombiaan in stuoltsje ta te skikken.

De sjoggers yn Nederlân sille wol even meidwaan yn de weach fan wat nijs en kommend jier de TV oansette, mar mondiaal sjocht it der hiel oars út. Tusken 2008 en 2015 ferlear de sport in tredde (!) fan har sjoggers. Dat binne sifers dy't de nasjonale polonêze yn Zandvoort miskien wol even ta stilstân bringe.

Hoe dan ek, ik bin dizze wike grut fan wurden fan in race op Zandvoort. Nee, net de F1, mar in oare. Ik sjoch ek noch wol takomst foar mysels yn dizze sport. Oer in jier as 20 bin ik grif fan doel om my yn te skriuwen foar it NK scootmobyl. Dizze wike ha ik de wrede bylden fan de stronttrochwiete edysje 2019 sjoen en it liket my geweldich.

Yn tsjinstelling ta de saaie F1 rûntsjeriderij gie it hjir hurd om hurd. Bloed oan de peal, heite. De senioaren giene safier dat se plannen hiene om elkoars bannen lek te stekken as se it oars net winne koene. Hupsakee, sa ken ik se wer. Dat is de generaasje dy't ús lân opboud ha. Dat binne ús echte helden. Mocht ik ea 70 wurde, skriuw ik my yn. Lekker oer de curbstones brâne en dy oare fitte 70ers gemien útremje. It is boppedat ek nochris hartstikke goed foar it miljeu, dy scootmobyltsjes dogge it ommers op stroom. Soenen je dy dingen ek wat opfiere kinne? Spoilerke der op of sa? Machtich. No al sin oan."

(advertinsje)
(advertinsje)