Buorman oer brân yn Snits: "Ik wie benaud dat myn bedriuw ek yn flammen opgean soe"

14 jun 2019 - 23:24

De brânwacht hat noch op syn minst oant 23.00 oere freedtejûn wurk hân mei it neiblussen fan de grutte brân yn de Omrin Estafette kringloopwinkel yn Snits. It pân is troch de brân ferlern gien, der is gjin asbest frijkommen. Sander Portena en Jaap van der Meer ha beiden in bedriuw neist de kringloopwinkel en moasten hurd yn aksje komme.

Sander Portena - Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

Portena sit mei syn transportbedriuw neist de kringloopwinkel. Hy wie net op it bedriuw, mar waard belle. Doe't hy nei it yndustryterrein taried, seach hy de reekplom hingjen. "Ik wie wol even benaud dat myn bedriuw ek yn flammen opgean soe." Hy mocht earst de strjitte net yn, om't de plysje alles ôfset hie. Doe't hy derby koe, hat hy fuort syn truck en boaten út de loads helle. Hy hat gjin skea.

De brân yn de kringloopwinkel oan de Professor Zernikestrjitte yn Snits bruts freed oan de ein fan de middei út en waard al gau in útslaande brân. De tichte, swarte reek wie yn de fiere omkriten te sjen. De brânwacht hat hurd wurke om derfoar te soargjen dat it fjoer net oersloech nei neistlizzende bedriuwen en in transformatorhúske. Troch de brân kaam in diel fan de Professor Zernikestrjitte sûnder stroom te sitten.

De buorman oan de oare kant fan de Estafette hie minder gelok as Portena. Jaap van der Meer hat in boubedriuw en hy hat wol skea oprûn. De materialen op syn hiem binne nei alle gedachten ferlern gien en hy hat ek skea oan it dak. "Myn broer hat in bedriuw neist my. Hy hat sels noch it dak op west om te blussen, mar hy moast derôf. Dat wie net mear feilich, hy stie yn de reek."

Jaap van der Meer - Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides
Trefwurden: 
brân Snits Kringloopwinkel
(Advertinsje)
(Advertinsje)