Jonge boeren skriuwe brânbrief oan minister Schouten oer takomst melkfeehâlderij

14 jun 2019 - 22:47

It Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt hat in brânbrief stjoerd oan minister Schouten fan Lânbou oer de situaasje yn de melkfeehâlderij. De jonge boeren sizze yn de brief dat se har grutte soargen meitsje oer harren takomst as boer.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De jongeren begripe dat guon saken oars moatte yn de feehâlderij, mar se jouwe oan klem te sitten tusken de bank, it molkfabryk, de oerheid en it maatskiplik debat. Se moatte ôflosse, foldwaan oan hieltyd hegere kwaliteitseasken en it klimaat rêde. Om't se hast wykliks te krijen ha mei feroarjende saken, witte se net goed wêr't se oan ta binne en kinne se net bouwe oan harren takomst.

De boeren ha te krijen mei biste-akitvisten en in koarting op de fosfaatrjochten, Fiergeande plannen foar de oanpak fan stikstof bedarje yn it jiskefet. It is foar harren dreech om noch posityf te bliuwen. Dêrom roppe se de minister no op om harren romte te jaan om de melkfeehâlderij te ûntwikkeljen.

De oprop komt no om't de minister nije wike har fyzje presintearre sil op 'kringloop'-lânbou. Dat is in duorsume foarm fan lânbou, dêr't alle stoffen dy't troch de lânbou út in gebiet helle wurdt ek wer werombrocht wurdt yn it gebiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)