De Fierljeppolder yn Noardburgum offisjeel iepene

Yn Noardburgum is freedtemiddei offisjeel De Fierljeppolder iepene. De Fierljeppolder is in fierljepakkommodaasje, beleefsintrum en fierljepmuseum ynien. De nije akkommodaasje stiet by de klompmakkerij fan Scherjon. En Hannes Scherjon is, mei syn famylje, de inisjatyfnimmer fan it projekt.
De Fierljeppolder yn Noardburgum offisjeel iepene
Op it terrein fan De Fierljeppolder is in grutte fiver mei fjouwer skânsen. Dêrachter stiet it museumgebou, wêryn't de hiele skiednis, de ûntwikkeling en de mooglike takomst fan it fierljeppen ûnderfûn wurde kin. Ek kinne minsken mei in polsstôk troch in wetterlabyrint fan sleatsjes springe.
"En as se dan echt ynteressearre binne yn de sport sa't we dat hjoed-de-dei dogge, dan kinne se in clinic oanfreegje", fertelt Hannes Scherjon. Mei it fierljepmuseum hopet Scherjon dat minsken troch it sjen fan de histoarje ek wer nije ideeën krije foar de takomst fan it fierljeppen. Dy ideeën wol hy sammelje en ynleverje by it fierljepbûn.
De Fierljeppolder giet nije wike iepen foar it publyk.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De Fierljeppolder yn Noardburgum offisjeel iepene