Kik Pierie yn top 20 fan L'Equipe

14 jun 2019 - 22:05

De Frânske sportkrante L'Equipe hat in top 50 fan jonge fuotballers (ûnder de 20 jier) presintearre. Neffens L'Equipe heart Kik Pierie by de 20 grutste talinten op de Europeeske fuotbalfjilden.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Ljouwerter ferdigener wurdt dêrmei beleanne foar syn ûntwikkeling. Pierie wie it ôfrûne seizoen in fêste wearde sintraal efteryn by SC Hearrenfean. Yn de simmer makket hy de oerstap nei Ajax. Hy tekene in kontrakt foar fiif seizoenen by de Amsterdammers.

De 19-jierrige Matthijs de Ligt fan Ajax stiet op it earste plak. De twadde Nederlanner dy't yn de top 20 stiet is Justin Kluivert. Hy stiet op plak 17, Kluivert fuotballet by AS Roma.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean Kik Pierie
(advertinsje)
(advertinsje)