NPO3 wurdt plak foar regionale omroppen

14 jun 2019 - 20:15

NPO3 wurdt NPO REGIO. Sa moat it regionale telefyzje-oanbod in grutter berik krije. It is ien fan de punten út de fyzje op de takomst fan it publike omropbestel fan minister Arie Slob.

Nederlandse Publieke Omroep - Foto: ANP

De minister wol ynstekke op ûnôfhinklike, betroubere en kwalitatyf heechweardige media. Der moat neffens de minister mear gearwurke wurde tusken de lokale, regionale en lanlike omroppen. De plannen fan de minister wiene al foar in grut part útlekt. Direkteur Nina Hiddema fan Omrop Fryslân is posityf oer it mediaplan fan Slob. "De omrop komt sa letterlik op it tredde plak fan de ôfstânsbetsjinning."

Gearwurking

"Het plan van de minister is erg gericht op samenwerking tussen de landelijke, regionale en lokale publieke omroepen en dit zorgt ervoor dat we elkaar kunnen versterken", seit Hiddema. NPO Start, de werom-sjoch-service fan de publike omrop sil ek beskikber wurde foar de regionale omroppen, stiet yn it plan. De gearwurking dy't der no al is tusken de NOS en de regionale omroppen wurdt troch de minister oanmoedige. Der is op it stuit al in pilot op NPO2, dêr't ek it nijs fan Omrop Fryslân te sjen is yn in finster nei it NOS sjoernaal fan 18.00 oere.

Hoe't de ynfolling fan NPO3 derút komt te sjen en wannear't de regio der in plak krijt is noch net bekend. Dêr sil nei alle gedachten yn fazen nei tawurke wurde. Neist dy gearwurking mei de NOS wol de minister ek dat de regionale omroppen mear gearwurkje mei de lokale omroppen. Hy wol foar ien kear 15 miljoen euro beskikber stelle foar it fergrutsjen fan de kwaliteit en profesjonaliteit fan de lokale sjoernalistyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)