It Hearrenfean klear foar Butterfly Beach Party

It Hearrenfean is klear foar de tredde edysje fan it festival Butterfly Beach Party. It plak foar it festival is opnij rekreaasjegebiet De Heide. Der binne ferskate plakken yn it gebiet folslein ynrjochte yn simmerske sfearen.
It Hearrenfean klear foar Butterfly Beach Party
Sa komt der in spesjaal Latin Island. Beammen binne oanklaaid mei lampionnen, in grutte flinter fan 6 meter heech stiet midden op it strân. Alles giet op it festival om de flinter. "Vlinders stimuleren ons overeind te komen en ons te bewegen, want als je beweegt, dans je al. Dansen geeft ons de zoetheid van het leven terug. Verschijnt er een vlinder, vraag je dan af hoeveel of hoe weinig vreugde je in je leven ervaart," sa seit de organisaasje.
Butterfly Beach Party © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Neffens foarsitter Simon van der Let binne alle tariedings hast klear. It festival hat troch de kreative uteringen wol wat wei fan Hawaï. De festivals yn Fryslân sjitte as poddestuollen út de grûn, dochs is it foar in lyts festival as Butterfly Beach Party net lestich om de konkurrinsje oan te gean, sa sizze se. "Dit is it tredde jier, wy moatte sjen hoe't it der yn de takomst útsjocht, mar wy kreëarje sa'n tropyske setting dat it wol unyk is foar Fryslân."
Butterfly Beach Party © Timo Jepkema, Omrop Fryslân