Brân yn kringloopwinkel Snits ûnder kontrôle, gjin asbest frijkommen

De grutte útslaande brân by kringloopwinkel Omrin Estafette yn Snits is ûnder kontrôle. By de brân is gjin asbest frijkommen, meldt de brânwacht.
© Omrop Fryslân
Neffens de brânwacht duorret it neiblussen noch wol oant 23.00 oere. Der bleau ek noch in soad reekûntwikkeling. De loads dêr't de winkel yn siet, is folslein ferlern gien. Der is in kraan ynset foar sloopwurksumheden, sadat de lêste fjoerhurden útmakke wurde kinne.
De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei oare gebouwen. Dochs hat in neistlizzend boubedriuw in soad skea oprûn troch de reek en de hjitte.
De brân bruts freed oan de ein fan de middei út yn de loads oan de Professor Zernikestrjitte. De grutte reekplommen wiene yn de fiere omkriten te sjen.