Sneintejûnsfuotbal SC Hearrenfean giet net troch, KNVB lûkt plan op lêste momint yn

14 jun 2019 - 18:15

SC Hearrenfean hoecht it kommende seizoen dochs net twa kear op sneintejûns oan de bak. Op it alderlêste momint hat de KNVB it plan foar it fuotbal op sneintejûn ynlutsen. Neffens it fuotbalbûn docht bliken dat it in te grutte impact hawwe soe op de lokale autoriteiten en de supporters fan de earedifyzjeklups.

It Abe Lenstra Stadion - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It plan wie dat alle klups yn de earedifyzje ien thúswedstriid op snein om 20.00 oere spylje soenen. Neffens de KNVB koe dêrmei de kwaliteit fan de earedifyzje en it Nederlânske betelle fuotbal ferbettere wurde. Foar SC Hearrenfean betsjutte it plan dat se ien kear thús tsjin FC Utrecht moasten en ien kear út tsjin ADO Den Haag.

Yn in lêste besprekking oer it konsept foar it kompetysjeprogramma 2019/2020 is it plan ôfblaasd. It fuotbalbûn slút lykwols net út dat der it kommende seizoen dochs noch wedstriden op sneintejûn spile wurde. "Indien op sportieve gronden gewenst, zullen we per keer kijken of er wel een zondagavondwedstrijd om 20.00 uur kan worden ingepland", stiet op de webside fan de KNVB.

(advertinsje)
(advertinsje)