UPDATE: Utslaande brân by kringloopwinkel Omrin yn Snits, loads giet ferlern

By kringloopwinkel Omrin Estafette yn Snits is op dit stuit in tige grutte útslaande brân. De winkel sit yn in loads oan de Professor Zernikestrjitte. Neffens wurdfierder Marten Klaas Brinksma fan de brânwacht kin dy loads as ferlern beskôge wurde. By de brân komt in soad reek frij, dy't yn de fiere omjouwing te sjen is.
Drone-bylden: Ron Scheffer
Doe't de brân útbruts wiene der allegear minsken yn it gebou, mar dy koene der op tiid útkomme. Neffens Brinksma is ien persoan neisjoen troch ambulânsepersoniel. Dizze persoan hie reek binnen krigen.
Meardere brânwachtkorpsen binne oanwêzich om de brân te bestriden. Der binne fiif brânwachtauto's ynset en twa heechwurkers. Fanwege de reek advisearret de brânwacht ruten en doarren ticht te hâlden en fentilaasje út te skeakeljen, benammen op it yndustryterrein Houkesloot en de omlizzende nijbouwyk.
Neist de kringloopwinkel sit in bedriuw mei houtopslach. De brânwacht besiket foar te kommen dat it fjoer nei dit bedriuw oerslacht. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Winkel krekt noch ferboud

Sneon soe de Omrin-kringloopwinkel feestlik weriepene wurde nei in grutte ferbouwing. Neffens stichting Omrin Estafette hawwe in soad meiwurkers en frijwilligers dêroan meiholpen. It wie de lêste winkel fan de keten dy't noch fertimmere wurde moast.
Op sneon wiene der dus allegearre feestlikheden pland: spultsjes, in hapke en buorrel, sminke foar bern, foarljochting oer it skieden fan ôffal en styling-advys foar besikers. Ek soe Omrin gearwurkingsferbannen presintearje mei it AZC, praktykskoalle De Diken en Wurkjouwer Sneek. De feestlike iepening giet fansels net mear troch.
© Omrop Fryslân
© Omrop Fryslân